Fully funded Humanities & Arts Netherlands 1 day left

twa promovendy yn de taalkunde

Fryske Akademy, Netherlands

Institution
Fryske Akademy
Country
Netherlands
Subject area
Humanities & Arts
Application deadline
24 August 2026
Funding
Fully funded position

This position is outside the fields we mentor

We mentor STEM applicants only. If your research aspirations are outside STEM subjects, you're very welcome to use this board and apply directly; we just aren't the right people to mentor you.

The full advert is above and the university's own application link is below — both free to use, with or without us.

About this position

Functieomschrijving

De Fryske Akademy en de Ryksuniversiteit Grins sykje twa promovendy yn de taalkunde
Mei yngong fan oktober 2026 sille de twa promovendy harren eigen ûndersyksprojekten ûntwikkelje en útfieren binnen it oerkoepeljende tema taalfariaasje. Konkreet sil it iene projekt him rjochtsje op morfosyntaktyske struktueren yn it West-, East- en Noardfrysk, wylst it oare projekt him rjochtsje sil op dialektology, mei as doel nije kaarten fan taalkundige fariaasje yn Fryslân te ûntwikkeljen.

De funksjes binne mei-inoar ûnderbrocht by de Ryksuniversiteit Grins en it ûndersyksynstitút Fryske Akademy, wat in unike kâns biedt om ûndersyk te dwaan mei stipe fan de komplementêre ekspertize en ynfrastruktuer fan beide ynstellings. Under de oanstelling wurkje de kandidaten oan it skriuwen fan in proefskrift en besteegje se 0,1 fte oan ûnderwiisaktiviteiten. It begeliedingsteam bestiet út Fenna Bergsma (Fryske Akademy), Anne Merkuur (Fryske Akademy en Ryksuniversiteit Grins) en Arjen Versloot (Ryksuniversiteit Grins). De oanstelling hat in rintiid fan fjouwer jier en giet yn oktober 2026 yn (of, yn oerlis, op in letter momint). De selektearre kandidaten komme yn tsjinst by de Fryske Akademy, mei stânplakken yn Ljouwert (Fryske Akademy) en Grins (Faculteit der Letteren, Ryksuniversiteit Grins).

Wat bringst mei?
  • Do hast in ôfrûne masteroplieding, leafst op it mêd fan taalkunde, kompjûterwittenskippen, sosjale wittenskippen of romtlike wittenskippen (foar projekt 2).
  • Hast oantoanbere affiniteit mei ien of mear Fryske talen.
  • Do beskikst oer genôch taalfeardigens yn it Nederlânsk en Dútsk om akademyske boarnen rieplachtsje te kinnen en (foar projekt 1) om it projekt útfieren te kinnen.
  • Foar projekt 2: do hast ûnderfining mei it wurkjen mei geografyske ynformaasjesystemen of bist ree om sokke feardichheden te krijen troch in rjochte oplieding yn it earste jier.

Wat biede wy?
  • In arbeidsoerienkomst foar fjouwer jier, mei in earste kontrakt foar ien jier. Nei in positive evaluaasje wurdt de oanstelling fuortset foar de restearjende perioade.
  • It tsjinstferbân en it salaris by de Fryske Akademy binne yn oerienstimming mei de Nederlânske wetjouwing en de CAO UNL.
  • In salaris konfoarm skaal P, fariearjend fan € 3.059,- (earste jier) oant € 3.881,- (lêste jier) bruto yn 'e moanne.
  • Oanfoljende arbeidsbetingsten binne ûnder mear in fakânsjetaslach, in einjiersútkering, reiskostefergoeding en in goede pensjoenregeling.
  • Silst foar in part yn Ljouwert en foar in part yn Grins wurkje (sa. 40%), neier yn oerlis fêst te stellen.

Mear ynformaasje?
Foar mear ynformaasje oer dizze fakatueren kinst kontakt opnimme mei prof. Arjen Versloot (a.p.versloot@rug.nl).

Ynteressearre?
Reagearje kin oant en mei 24 augustus 2026, 12.00 oere. Stjoer dyn sollisitaasje fia de sollicitatiebutton, mei as ûnderwerp ‘PhDs FA-RUG 2026’.

De sollisitaasje bestiet út:
  • In cv.
  • In motivaasjebrief.
  • In foarbyld fan in akademysk skreaune tekst (bgl. in master- of bachelorskripsje, publikaasje of oar relevant artikel).
  • Ien oanbefellingsbrief, dy’t streekrjocht nei wurkje@fryske-akademy.nl stjoerd wurde moat.
  • Kopyen fan diploma's en siferlisten.
  • In fermelding fan foar hokker fan de twa ûndersyksprojekten oftst dy oanmelde wolst, tegearre mei in ûndersyksfoarstel (500 - 1000 wurden) dêr'tst in fisy op it ûnderwerp presintearret en de beëage ûndersyksoanpak beskriuwst.

Selektearre kandidaten wurde útnoege foar in persoanlik (by foarkar) of online sollisitaasjepetear op tongersdei 3 septimber 2026.

Dizze fakatueren wurde mooglik makke mei stipe fan Frysk Akademy Fûns.

Apply directly to Fryske Akademy

Emerging Scholars Council is not the employer and does not recruit for this position. It is advertised by Fryske Akademy, and your application goes to them. We help students prepare and strengthen their applications.

Go to the official application page →

Applications close 24 August 2026.

Contact listed in the advert

Some positions — especially in Germany, Austria and Switzerland — are filled by writing directly to the supervisor rather than through an online form. These addresses were taken from the advert text, so check them against the official listing before you write.

A cold email to a supervisor is the highest-leverage thing you can send — and the easiest to get wrong. Ask us to look at yours before you hit send.

Other funded positions you might like

Browse all open positions →
Book a free call